Thunderbird 3 kenmerken

It is hielendal jo eigen.
De nije Thunderbird 3 is flugger, fleksibel en noch feiliger.

Thunderbird 3 makket de wize hoe't jo de e-mail ferwurkje oars troch e-mail yn ljepblêden, en it nije sykark helpt jo om jo e-mails flugger te finen.

Ljepblêden

As jo wille hawwe oan it blêdzjen mei ljepblêden yn Firefox, dan sille jo ek aardichheid hawwe oan e-mail yn ljepblêden. Ljepblêden yn Thunderbird 3 lit jo e-mails lade yn aparte ljepblêden, dus jo kinne fluch hinne en wer skeakelje. Miskien reagearje jo op in e-mail en moatte jo ferwize nei in eardere e-mail. Mei e-mail yn ljepblêden kinne jo mear e-mails iepenhâlde foar maklike referinsje.

Troch te dûbelklikken of te enterjen op in e-mailberjocht wurdt dat berjocht iepene yn in nij ljepblêd. Troch rjochts te klikken op berjochten of mappen iepenje dy yn in ljepblêd op de eftergrûn.

As jo Thunderbird ôfslute, wurde iepen ljepblêden bewarre en wer toand as jo Thunderbird de oare kears iepenje. Der is ek in nij ljepblêdmenu op de ljepblêdarkbalke, om jo te helpen mei it skeakeljen tusken ljepblêden.

screenshot-message-archive

Berjochtargivearring

As jo tinke dat jo in e-mail yn de takomst nedich hawwe, mar it út jo Postfek YN dwaan wolle sûnder dat jo it fuortsmite, argivearje it dan! Argivearring helpt jo om jo Postfek YN te behearen en set jo e-mail yn it nije argyfmappe-systeem.

Troch op de argyfknop te drukken of troch de ‘A’-toets yn te drukken wurdt jo e-mail argivearre.

Pas jo e-mail-beleving oan

Thunderbird is fleksibel, dêrtroch kinne jo it persoanlik meitsje, jout it jo de ûnderdielen dy't jo nedich hawwe en om te wurkjen neffens jo eigen styl. Wizigje it uterlik fan Thunderbird of foegje sa folle ûnderdielen ta as jo wolle.

Thunderbird uterlik & gefoel

Mei Personas, lichtgewicht "skins" meitsje it mooglik om it uterlik en gefoel fan Thunderbird yn in omsjoch te wizigjen. Hûnderten skins, fan de lêste films, ferneamde bysûnderheden en Japanske tattoes, binne beskikber. Jo kinne ek kieze út allegear soarten tema's dy't de ferskate ikoantsjes yn Thunderbird oanpasse.

Tûke mappen

Tûke mappen helpt jo om mear e-mailaccounts te behearen troch spesjale mappen te kombinearjen, lykas jo Postfek YN, de map Ferstjoerd, of Argyfmap. Yn stee fan nei it Postfek YN te gean fan elk e-mailaccount, sjogge jo al jo ynkommende e-mail yn ien Postfek YN-map.

Tafoegingsbehearder

Fyn en ynstallearje tafoegings direkt yn Thunderbird. Jo hoege net langer it tafoegingswebstee te besykjen—yn stee dêrfan starte jo gewoan de tafoegingsbehearder. Binne jo net wis hokker tafoeging goed foar jo is? Wurdearrings, oanrikkemandaasjes, omskriuwings en ôfbyldings fan de tafoegings yn aksje helpe jo om jo seleksje te meitsjen.

screenshot-addonsmanager

Makliker om te starten

Thunderbird 3 ynstelle is folle makliker. Ferskate nije ûnderdielen sille jo it de dei troch makliker meitsje.

screenshot-setup

E-mailaccount ynstelhelper

Foardat de nije accounthelper der wie, moasten jo jo IMAP-, SMTP-, SSL/TLS-ynstellings witte. No hoege jo allinnich jo namme, e-mailadres en wachtwurd te witten en de nije e-mailaccount-ynstallaasjehelper fynt de e-mailynstellings foar jo yn ús database.

screenshot-oneclick

Ien-klik adresboek

Ien-klik adresboek is in flugge en maklike wize om lju oan jo adresboek ta te foegjen. Foegje minsken ta troch gewoan te klikken op it stjerke-ikoan yn it berjocht dat jo ûntfange. Twa kear klikke en jo kinne mear details tafoegje lykas in foto, immens jierdei en oare kontaktynformaasje.

screenshot-attachment

Bylagewarskôger

De nije bylagewarskôger lêst foar de wurden bylage (en oare wurden as bestânstypen) mei yn de tekst fan jo berjocht en warskôget jo om in bylage ta te foegjen foardat jo op de ferstjoerknop klikke.

screenshot-activitymanager

Aktiviteitebehearder

De Aktiviteitebehearder bewarret alle ynteraksjes tusken Thunderbird en jo e-mailprovider op ien plak. Jo hoege der net mear nei te rieden en kinne op ien plak sjen foar wat der bart mei jo e-mail.

Befeiligje en beskermje jo e-mail

Thunderbird syn feilichheids- en privacymaatregels meitsje jo der wis fan dat jo berjochteferkear en identiteit feilich bliuwe.

Net-winske berjochten fuortwurkje

Thunderbird syn populêre net-winske (junk of spam) e-mailark is fernijd om spam foar te wêzen. Elke e-mail dy't jo ûntfange giet troch Thunderbird syn heechweardige net-winske e-mailfilters. Elke kear as jo in berjocht markearje as net-winske, "leart" Thunderbird en ferbettert syn filtering dus jo krije mear tiid om e-mail te lêzen dy't wol belangryk is. Thunderbird kin ek jo e-mailprovider syn spamfilters brûke om net-winske e-mail út jo postfek te hâlden.

Robúste privacy

Thunderbird 3 jout stipe foar brûkerprivacy en ek beskerming foar eksterne ôfbyldings. Om de brûkersprivacy feilich te stellen, blokkearret Thunderbird 3 automatysk eksterne ôfbyldings yn e-mailberjochten.

screenshot-junk

Phishingbeskerming

Thunderbird beskermet jo foar e-mailscams dy't brûkers ferrifelje om persoanlike gegevens en fertroude ynformaasje troch te jaan, troch oan te jaan wannear in berjocht in mooglik in besykjen ta phishing is. As in twadde ferdigeningsmuorre, warskôget Thunderbird jo as jo klikke op in keppeling dy't jo besiket nei in oar webstee te lieden as de URL yn it berjocht.

screenshot-automatedupdate

Automatyske fernijing

Thunderbird syn fernijingssysteem kontrolearret om te sjen oft jo de lêste ferzje brûke en jout berjocht as in feilichheidsfernijing beskikber is. Dy feilichheidsfernijings binne lyts (meastentyds 200KB - 700KB), dy't jo allinnich jouwe wat nedich is. Dêrtroch wurde fernijings fluch ynladen en ynstallearre. It automatyske fernijingssysteem jout fernijings foar Thunderbird op Windows, Mac OS X, en Linux yn mear as 40 ferskate talen.

Iepen boarne

Uteinlik is Thunderbird in iepen-boarne ûntwikkelproses dat driuwt op tûzenen entûsjaste, betûfte ûntwikkelders en feilichheidseksperts út de hiele wrâld. Troch ús iepenheid en in aktive mienskip fan eksperts binne wy der wis fan dat ús produkten feiliger binne en flugger fernijd wurde. It stelt ús ek yn steat om foardiel te hawwen fan de bêste tredde-partij feilichheidskontrôle en fan evaluaasje-ark om de fierdere algemiene feilichheid fuort te sterkjen.