Wat is nij yn Thunderbird 3

Wy hoopje dat jo wille hawwe fan de nije ûnderdielen yn Thunderbird. Wy hawwe nije sykmooglikheden, e-mail yn ljepblêden, berjochtargivearring en hûnderten tafoegings om Thunderbird 3 hielendal fan josels te meitjen.

Sykje mei avansearre filterark

Typ jo sykterm yn de Global Sykbalke en wy sille jo sykresultaten iepenje yn in nij ljepblêd. Jo kinne oanwize wêr't jo nei sykje mei Thunderbirds filter en tiidbalke-ark.

E-mail yn ljepblêden

As jo wille hawwe fan it blêdzjen mei ljepblêden yn Firefox, dan sille jo genietsje fan e-mail yn ljepblêden. Dûbelklik of toets enter op in e-mailberjocht om berjochten te iepenjen yn in nij ljepblêd. Jo kinne rjochtsklikke op berjochten of mappen om se te iepenjen yn in eftergrûn-ljepblêd.

Berjochtargivearring

Seleksje fan de Argivearknop of troch de ‘A’-toets sil jo e-mail argivearje. E-mail argivearje ferpleatst e-mail fan jo Postfek Yn nei it nije argyfmapsysteem.

Mear nije ûnderdielen om te ûntdekken:

Foar mear produktynformaasje, besykje de Thunderbird begjinside.