Mobile FAQ
Faak stelde fragen
=buildMobileSubPageMenu($lang,'faq')?>
Oer Firefox
- Wêrom Firefox foar mobile telefoans?
- Firefox nei mobile telefoans bringe is de folgjende stap nei it ree meitsjen fan Mozilla's missy om tagong te jaan oan ien Web dy't elkenien berike kin, ûnôfhinklik fan apparaat of lokaasje. Fierder, wol Mozilla in ryk platfoarm leverje foar ûntwikkelers om bjusterbaarlike ynhâld en innovative applikaasjes te meitsjen. De meast avansearre browser beskikber, Firefox is fluch, feilich, oanpasber en syngronisearret perfekt mei de Firefox op jo PC.
- Kostet it ek wat?
- Nee. Firefox is makke as ûnderdiel fan non-profit Mozilla Foundation's tawijing om iepenheid, ynnovaasje en gelegenheid op it Ynternet te jaan. Wy fiele dat fergese en iepen boarne software lykas Firefox fundamenteel is om it ynternet as in wrâldwide publike boarne te hâlden. Lear mear.
- Hoe is de Firefox browser oars as de mobile browser dy't ik no haw?
- Mozilla bringt de Firefox ûnderfining nei jo mobyl. Makke op de meast moderne browsermasine dy't beskikber is, Firefox komt folslein mei bekende funksjes as de "Bjusterbaarlike balke", Wachtwurdbehearder, Ien-klik blêdwizerje, Lokaasje-bewust blêdzje en mear. Firefox is ek de earste mobile Webbrowser dy't tafoegings oanbiedt, wêrtroch brûkers harren browser daliks oanpasse kinne.
- Is Firefox beskikber yn myn taal?
- Firefox foar jo mobyl is op dit stuit beskikber om yn te laden yn mear as 25 talen en der komme hieltyd mear by. Sjoch ús folsleine list me beskikbere taalferzjes.
- Wa makket Firefox?
- Firefox is makke troch de non-profit Mozilla Foundation mei help fan ús wrâldwiide mienskip. Troch bydragen fan de mienskip, sille wy nije tafoegings en fernijings leverje dy't Firefox flugger, feiliger en mear krêftiger meitsje. Wolle jo helpe? Besykje de Untwikkel foar Mobile side.
Feilichheid
- Hoe sil Firefox my feilich hâlde wylst ik blêdzje op myn mobyl?
- Mozilla’s iepen boarne proses bondelet de ûnderfining fan tûzenen feilichheidseksperts oer de hiele wrâld en Firefox hat funksjes lykas direkte Webstee-ID dy't kontrolearret op fertochte websteeën om wis te wêzen dat se binne dy't se sizze. Oanpasbere feilichheidsynstellings om wachtwurden te behearjen, cookies, ôfbyldings lade en tafoegings ynstallearje jouwe jo folsleine kontrole oer jo browse-ûnderfining. Lear mear.
Ynlade & modellen
- Hoe laad ik Firefox yn nei myn telefoan?
- Besykje de Mozilla.com Mobile thússide om in SMS te stjoeren mei in keppeling nei de Firefox ynlaadkeppeling nei jo telefoan. Of, gean ienfâldich nei mozilla.com/m mei jo aktuele mobile browser en laad Firefox direkt yn nei jo telefoan. As jo in Windows Mobile stipe telefoan hawwe, kinne jo ek Firefox ynlade nei jo PC en syngronisearje it nei jo telefoan mei ActiveSync.
- Sil Firefox wurkje mei myn mobile telefoan?
- Firefox is op dit stuit kompatibel mei de Nokia N810 en N900 mobyl en ek telefoans mei spesifike Windows Mobile 6.0 en heger. Sjoch ús folsleine list fan stipe modellen.
- Kin ik evensagoed Firefox op myn telefoan ynlade sels as it net in stipe model is?
- Jo kinne Firefox brûke op in Maemo of Windows Mobile 6.0 en heger telefoan ek as jo telefoan net op ús list mei testen modellen stiet, mar wy garandearje de folsleine funksjonaliteit net. Wy moedigje jo oan om Firefox te brûken op in stipe model sa't jo de folseine mooglikheden ûnderfine kinne. Sjoch ús folsleine list fan stipe modellen.
- Kin ik Firefox ynlade nei myn iPhone?
- Op dit stuit is Firefox net beskikber foar de iPhone.
Firefox brûke
-
Hoe brûk ik Firefox om op it web te blêdzjen?
- Om romte te besparjen op jo skerm fan de telefoan, binne de kontroleknoppen fan Firefox weistopt oan de sydkant fan it skerm. Se kinne iepene wurde troch mei jo finger oer it skerm nei links of rjochts te feegjen. Jo ljepblêden binne oan de linkerkant fan it skerm, wylst blêdwizers en ynstellings oan de rjochterkant stean. De adresbalke ferdwynt ek as jo nei ûnder skowe, mar ferskynt wer troch omheech of nei de side te feegjen.
-
Hoe kin ik yn- en útzoome?
- Dûbeltik it skerm mei jo finger om yn te zoomen. Om út te zoomen, dûbeltik op 'e nij mei jo finger.
-
Hoe meitsje ik in blêdwizer fan in webstee?
- Gean nei de side dy't jo blêdwizerje wolle. Tik op de blêdwizer "stjer"-knop oan de rjochterside fan jo skerm.
-
Hoe iepenje ik in nij ljepblêd?
- Tik de nij ljepblêd "plus"-knop oan de linkerside fan jo skerm om in nij ljepblêd te iepenjen. Ljepblêden ferskine as thumbnails dus jo kinne maklik sjen hokker side jo selektearje wolle.
Kenmerken
- Wat is der sa spesjaal oan de Bjusterbaarlike balke?
- De Bjusterbaarlike balke krijt jo fluch wêr't jo wêze wolle. Tik op de Bjusterbaarlike balke en begjin te typen. As jo type sil it websteeën toane dy't jo faaks besykje of resint besocht of yn de blêdwizers set hawwe. De Bjusterbaarlike balke leart as jo it brûke, oanpast oan jo foarkarren en makket jo browsen mear persoanlik. Jo kinne ek yn de Bjusterbaarlike balke tikke om in URL of sykterm te typen en te starten mei sneupjen op it Web. Of, tik op ien fan de sykmasines op de ûnderkant fan jo skerm om jo op it krekte paad te krijen.
- Wat binne Firefox tafoegings en hoe kin ik se op myn mobile apparaat krije?
- Tafoegings meitsje it jo mooglik om jo Firefox oan te passen troch funksjes ta te foegjen. Selektearje de ynstellings "rêd"-knop oan de rjochterûnderkant fan jo skerm, kies dan de tafoegings "puzelstik"-knop en sykje foar en ynstallearje de tafoegings dy't it meast brûkber binne foar jo direkt fan jo telefoan.
- Hoe kin ik myn Firefox blêdwizers, skiednis, ljepblêden en mear diele tusken myn PC en myn mobyl?
- De tafoeging Weave bringt jo Firefox ûnderfining nei jo mobile telefoan. As earste, meitsje in Weave account oan op jo PC. Gean dan nei Firefox op jo mobyl en selektearje de foar-ynstallearre Weave-tafoeging. As jo jo Weave-account gegevens ynfolje en syngronisearje, sille jo Firefox foarkarren, skiednis en mear dielt wurde tusken jo PC en jo mobyl. Om mear witen te kommen, besykje de Syngronisaasje-side.
- Moat ik de Weave-tafoeging krije om Firefox te brûken op myn telefoan?
- Nee. Mar wy tinke dat syngronisearjen fan Firefox tusken jo PC en jo mobyl mei Weave super brûkber is, it is in opsjonele tsjinst dy't jo wol of net brûke kinne. Jo kinne altyd noch de Firefox brûke dy't jo fertroue en ferwachte sûnder Weave. Weave makket it jo mooglik om jo skiednis, blêdwizers, foarkarren en mear te dielen, wêrtroch jo algemiene browse-ûnderfining better is, wêr't jo ek binne.
- Wat is Lokaasje-bewust browse? Hâldt Firefox by wêr't ik bin?
- Lokaasje-bewust browse sparret jo tiid troch websteeën ta te stean om jo te freegjen wêr't jo binne. As jo kieze om jo lokaasje te dielen mei in webstee, dan kin die ynformaasje brûkt wurde om ynteressante plakken yn 'e buert te finen en ekstra, brûkbere gegevens lykas plattegrûnen fan jo omjouwing te jaan. It is allegearre opsjoneel – Firefox dielt jo lokaasje net sûnder jo tastimming. Lear mear oer Lokaasje-bewust browse en besjoch de privacy policy fan de Google Lokaasjetsjinst.
- Hoe akkuraat binne de lokaasjes?
- Akkuraatheid fariearret in protte fan lokaasje ta lokaasje. Yn guon plakken, kinne ús tjinstproviders yn steat wêze om in lokaasje te jaan binnen in pear meter. Mar, yn oare gebieden kin it folle mear dan dat wêze. Alla lokaasjes opjûn troch ús tsinstproviders binne mar skattings en wy garandearje net de akkuraatheid fan de opjûne lokaasje.
Untwikkeler fragen
- Sil in Firefox tafoeging dy't ik makke haw foar de PC wurkje op Mobile? As dat net sa is, moat ik it dan wizigje?
- Alhoewol Firefox foar de PC en Mobile makke binne op itselde platfoarm, binne der lytse ferskillen dy't it ûntwikkelers nedich makket om wizigings ta harren tafoegings te meitsjen. Dizze wizigings binne normaal streekrjoht, besykje de Untwikkel foar Mobile side om mear te learen.
- Hokker browsermasine brûkt Firefox?
- De PC en mobile ferzjes fan Firefox brûke tegaar de Gecko rendering masine. De mobile ferzje fan Firefox brûkt Gecko ferzje 1.9.2, wat de bêst prestearjende browsermasine is dy't Mozilla ea útjûn hat mei prachtige funksjes lykas radikaal ferbettere JavaScript prestaasjes, stipe foar geolokaasje en noch folle mear.
- Hokker JavaScript masine brûkt Firefox?
- Firefox hat de nije “TraceMonkey” JavaScript masine, in avansearre JIT (“just in time”) compiler mei tracing technology. De TraceMonkey masine makket Webapplikaasjes flugger troch koade te kompilearjen as jo it starte, wêrtroch in protte typen fan CPU-yntensive applikaasjes op hast basisfaasje rinne kinne.
- Hoe ûntwikkelje ik in Lokaasje-bewuste webstee foar Firefox?
- Firefox hat de earste publike skets ymplementearre fan de Geolokaasje spesifikaasje fan it W3C. In oersicht fan hoe't Lokaasje-bewuste websteeën te ûntwikkeljen stiet hjir.
- Stipet Firefox HTML5 op myn mobyl?
- HTML 5 is de folgjende grutte revyzje fan HTML. De HTML 5 spesifikaasje is wurk yn útfiering, mar der binne ferskate HTML 5 en relatearre funksjes dy't it Webûntwikkelers mooglik makket mear ynnovative websteeën en applikaasjes te meitsjen. Firefox hat belangrike funksjes lykas Lokaasje-bewust browse, it <canvas> en <svg> labels, Webwurkers en offline opslach.
- Stipet Firefox ynstekkers op myn telefoan?
- Ja, de standert ynstekkers API (NPAPI), brûkt troch grutte webynstekkers wurde stipe. De Adobe Flashynstekker en oare ynstekkers, binne portearre nei de Nokia N900 en N810.
- Hoe kin ik meihelpe?
- Sjoch op ús Untwikkel foar Mobile side om mear te learen oer hoe't jo helpe kinne mei Mozilla’s Mobile projekt. As jo mear witte wolle oer oare mobyl-relatearre inisjativen, sjoch dan ús Doch mei side.