Oer Firefox
Wêrom Firefox foar mobile telefoans?
Firefox nei mobile telefoans bringe is de folgjende stap nei it reemeitsjen fan Mozilla's missy om tagong te jaan oan ien Web dy't elkenien berike kin, ûnôfhinklik fan apparaat of lokaasje. De meast avansearre browser beskikber, Firefox is fluch, feilich, oanpasber en syngronisearret perfekt mei Firefox op jo PC.
Kostet it ek wat?
Nee. Firefox is makke as ûnderdiel fan non-profit Mozilla Foundation's tawijing om iepenheid, ynnovaasje en gelegenheid op it ynternet te jaan. Lear mear.
Hoe oars is de Firefox browser as de mobile browser dy't ik no haw?
Makke op de meast moderne browsermasine dy't beskikber is, Firefox komt folslein mei bekende kenmerken as de "Bjusterbaarlike balke", Wachtwurdbehearder, Ien-klik blêdwizerje, Lokaasje-bewust blêdzje en mear. Firefox is ek de earste mobile browser dy't tafoegings oanbiedt wêrtroch brûkers harren browser daliks oanpasse kinne.
Feilichheid
Hoe sil Firefox my feilich hâlde wylst ik blêdzje op myn mobyl?
Mozilla stribjet nei de alderheechste feilichheids- en privacystanderts. Webstee-ID dy't kontrolearret op fertochte siden om wis te wêzen dat se binne dy't se sizze, as ek oanpasbere feilichheidsynstellings om wachtwurden te behearjen, cookies, ôfbyldings lade en tafoegings ynstallearje joue jo folsleine kontrole oer jo browse-ûnderfining. Lear mear.
Ynlade & Modellen
Hoe laad ik Firefox yn nei myn telefoan?
Besykje de Mozilla.com Mobile thússide om in SMS nei jo telefoan te stjoeren mei in keppeling nei de Firefox ynlaadkeppeling. Of, gean ienfâldich nei mozilla.com/m mei jo aktuele mobile browser en laad Firefox direkt yn nei jo telefoan.
Sil Firefox wurkje mei myn mobile telefoan?
Firefox is op dit stuit kompatibel mei Nokia N810 en N900 modellen en ek spesifike telefoans mei Windows Mobile 6.0 en heger. Sjoch ús folsleine list fan stipe modellen.
Kin ik evensagoed Firefox op myn telefoan ynlade sels as it net in stipe model is?
Ja, mar wy rikkemandearje jo oan om Firefox te probearjen op in stipe model sa't jo de folseine mooglikheden ûnderfine kinne.
Firefox brûke
Hoe brûk ik Firefox om op it web te blêdzjen?
De kontroleknoppen fan Firefox binne weistopt oan de sydkant fan it skerm. Se kinne iepene wurde troch mei jo finger oer it skerm nei links of rjochts te feegjen. Jo ljepblêden binne oan de linkerkant fan it skerm, wylst blêdwizers en ynstellings oan de rjochterkant binne. De adresbalke ferdwynt ek as jo nei ûnder skowe, mar ferskynt wer troch omheech of nei de side te feegjen.
Hoe kin ik yn- en útzoome?
Dûbeltik it skerm mei jo finger om yn te zoomen. Om út te zoomen, dûbeltik op 'e nij mei jo finger.
Hoe meitsje ik in blêdwizer fan in webstee?
Gean nei de side dy't jo blêdwizerje wolle. Tik de blêdwizer "stjer"-knop oan de rjochterside fan jo skerm.
Hoe iepenje ik in nij ljepblêd?
Tik de nij ljepblêd "plus"-knop oan de linkerside fan jo skerm om in nij ljepblêd te iepenjen. Ljepblêden ferskine as thumbnails dus jo kinne maklik sjen hokker side jo selektearje wolle.
Kenmerken
Wat is der sa spesjaal oan de Bjusterbaarlike balke?
De Bjusterbaarlike balke krijt jo fluch wêr't jo wêze wolle. Tik op de Bjusterbaarlike balke en begjin te typen. As jo type sil it websteeën toane dy't jo faaks besykje of resint besocht of yn de blêdwizers set hawwe. De Bjusterbaarlike balke leart as jo it brûke, oanpast oan jo foarkarren en makket jo browsen mear persoanlik. Jo kinne ek yn de Bjusterbaarlike balke tikke om in URL of sykterm te typen en te starten mei sneupjen op it Web.
Wat binne Firefox tafoegings en hoe kin ik se op myn mobyl krije?
Tafoegings meitsje it jo mooglik om jo Firefox oan te passen troch funksjes ta te foegjen. Selektearje de ynstellings "rêd"-knop oan de rjochterûnderkant fan jo skerm, kies dan de tafoegings "puzelstik"-knop en sykje foar en ynstallearje de tafoegings dy't it meast brûkber binne foar jo, direkt fan jo telefoan.
Hoe kin ik myn Firefox blêdwizers, skiednis, ljepblêden en mear diele tusken myn PC en myn mobyl?
De tafoeging Weave bringt jo Firefox ûnderfining nei jo mobyl. As earste, meitsje in Weave account oan op jo PC. Gean dan nei Firefox op jo mobyl en selektearje de foar-ynstallearre Weave-tafoeging. As jo jo Weave-account gegevens ynfolje en syngronisearje, sille jo Firefox foarkarren, skiednis en mear dielt wurde tusken jo PC en jo mobyl.
Moat ik de Weave-tafoeging krije om Firefox te brûken op myn telefoan?
Nee. Mar wy tinke dat syngronisearjen fan Firefox tusken jo PC en jo mobyl mei Weave super brûkber is, it is in opsjonele tsjinst dy't jo wol of net brûke kinne. Jo kinne altyd noch de Firefox brûke dy't jo fertroue en ferwachte sûnder Weave. Weave makket it jo mooglik om jo skiednis, blêdwizers, foarkarren en mear te dielen, wêrtroch jo algemiene browse-ûnderfining better is, wêr't jo ek binne.
Wat is Lokaasje-bewust browse? Hâldt Firefox by wêr't ik bin?
Lokaasje-bewust browse sparret jo tiid troch websteeën ta te stean om jo te freegjen wêr't jo binne. As jo kieze om jo lokaasje te dielen mei in webstee, dan kin die ynformaasje brûkt wurde om ynteressante plakken yn 'e buert te finen en ekstra, brûkbere gegevens lykas plattegrûnen fan jo omjouwing te jaan. It is allegearre opsjoneel – Firefox dielt jo lokaasje net sûnder jo tastimming.
Hoe akkuraat binne de lokaasjes?
Akkuraatheid fariearret in protte fan lokaasje ta lokaasje. Yn guon plakken kinne ús tjinstproviders yn steat wêze om in lokaasje te jaan binnen in pear meter. Mar, yn oare gebieden kin it folle mear dan dat wêze. Alle lokaasjes opjûn troch ús tsinstproviders binne mar skattings en wy garandearje net de akkuraatheid fan de opjûne lokaasje.
Hoe kin ik meihelpe?
Jo help hat laad ta it sukses fan Firefox. Kontrolearje ús Untwikkel foar Mobile-side om mear te learen oer hoe't jo meihelpe kinne oan Mozilla's mobile projekt. As jo graach meidwaan wolle yn oare mobyl-relatearre inisjativen, sjoch dan ús Doch mei-side.