Mozilla is in wrâldomfiemjende mienskip dy't wurket as in publike stipeferlienende organisaasje om te helpen it Web in globaal dielde boarne wêze te litten. Dreaun troch passy en laat troch sjosjale ferantwurdlikheid, wolle wy in Web meitsje dat better wêze sil foar ús allegear, hjoed en yn de takomst.
Wy ûnderhâlde de yntegriteit fan ús fyzje en aksjes troch in goed dissiplinearre en transparant wurkjend ûntwikkelproses dat iepenheid, earlikheid, ferantwurdlikheid en fertrouwen garandearret.
Us bekroane, iepen-boarne softwareprodukten en technology wurde fergees oanbean oan minsken oaral, yn mear as 40 talen.
Mozilla hat syn haadkantoor yn Mountain View, Californië mei regionale kantoren yn Tokyo en Parys
.De folgjende keppelings jouwe ynformaasje oer Mozilla yn it Frysk.